Ljouwert hat ôfspraken mei COA oer flechtlinge-opfang Grou

17 nov 2015 - 14:48

De flechtlingen dy't op dit stuit yn Grou opfongen wurde, bliuwe dêr oant 30 april. Dat hawwe de gemeente Ljouwert en it COA ôfpraat. De opfang yn wetterhostel Oer it Hout wie ynearsten bedoeld foar in perioade fan twa kear 72 oeren, mar dat is no útwreide.

Der ferbliuwe op dit stuit goed 160 flechtlingen yn Grou, yn de akkommodaasje is romte foar 195 minsken. De ynwenners fan Grou waarden moandei bypraat oer de langere opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)