Hawwe wykteams wol goed sicht op probleemgesinnen?

17 nov 2015 - 14:11

It is mar de fraach oft wyk- en gebietsteams goed sicht hawwe op gesinnen dy't yn oanmerking komme foar jeugdsoarch. Mar sân prosint fan de jongerein dy't gebrûk makket fan jeugdsoarch wurdt trochferwiisd fia dizze teams. Hast de helte fan de jongerein wurdt trochferwiisd troch húsdokters.

Dat seit it Fries Sociaal Planbureau op basis fan sifers fan it CBS. Neffens it buro meitsje hast 12.000 jongeren gebrûk fan jeugdsoarch. It oantal gie tusken ein maart en ein juny mei fiif prosint omheech.

Mei de ynfiering fan de nije jeugdwet is de jeugdsoarch sûnt jannewaris in ferantwurdlikheid fan gemeenten. De gemeenten Smellingerlân, Hearrenfean en Ljouwert hawwe it grutste oandiel fan jongeren dat gebrûk makket fan de soarch. It Amelân, Flylân en Skiermûntseach haawe it leechste oandiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)