Sinteklazemearke op It Hearrenfean lûkt minder bern

17 nov 2015 - 10:20

De belangstelling fan basisskoallen foar it Sinteklazemearke op it Hearrenfean rint werom. Regisseur Benny Mulder fernimt dat der benammen minder bern fan de groepen 7 en 8 komme. Dit jier wurdt it Sinteklazemearke foar de 71e kear opfierd.

Yn it Posthûsteater op It Hearrenfean spilet it selskip fan tiisdei oant en mei freed tsien foarstellingen, foar hast 3000 basisskoallebern út de gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren. Dit kear stiet in moderne fersy fan it mearke Doornroosje fan Grimm sintraal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)