Kollum: " Lit ús it libben libje"

17 nov 2015 - 08:30

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"It wie in lyts feestje, ôfrûne freed by it Noardlik Film Festival. Yn de blauwe seal fan Slieker waard Understream presintearre, in Frysktalich filmprojekt mei ynternasjonale ambysje. Basearre op in boek fan jim tsjinner, wol Understream Europa en de rest fan de wrâld sjen litte wat Fryslân artistyk te bieden hat.

Persoanlik fyn ik it in foarrjocht om by dit projekt belutsen te wêzen. De dynamyk fan jonge generaasjes betûfte, slim talintearre minsken is geweldich om mei te meitsjen. Benammen ek omdat it de foaroardielen, oer dat Friezen net ambisjeus binne en net fierder sjogge as de provinsjegrinzen, moai fan de tafel reaget. Elan genôch by Stichting de Filmmakkers, by komponiste Marike van Dijk, dy’t like thús yn New York en Berlyn is, as yn Wikel.

Oan ’e ein fan dy freeds siet ik dan ek mei in goed sin en in glês bier yn de hân nei in ferslach fan it NFF te sjen, doe’t de earste berjochten út Parys kamen. Oanslaggen op ferskillende plakken, deaden en gewonden. L’histoire se répète. Op slach like alles dat wy dy deis by de ein hân hiene ûnbetsjuttend en sinleas. Hoe mear nijs oft der nei bûten ta kaam, hoe moedeleazer ik waard. Alwer wraakaksjes út namme fan Allah, alwer dea en ferdjer. Bommen ynstee fan baguettes, bloed ynstee fan wyn.

Yn it wykein dat folge fielde ik my telider slein. Mar tiid ferrûn, en doe moast der in nije kollum komme. Ik sette my oan de tafel mei itselde doel- en sinleaze gefoel dat my it hiele wykein al pleage hie. It papier like witer as oars, de pinne swierder. En doe betocht ik my dat dat no krekt is wat terroristen foar eagen stiet mei harren aksjes. De maatskippij ferlamje en út syn ferbân skuorre troch angst te siedzjen en minsken murf te meitsjen.

De oplossing foar dizze yngewikkelde matearje leit yn hannen fan de wrâldpolityk. Dêr kinne wy, jo en ik, neat oan of ta dwaan. Mar wat wy wol dwaan kinne –en moatte- is de kop derfoar hâlde. Net tajaan oan it grutte swarte bist fan angst en terreur, mar dat dwaan wat wy yn alle frijheid dwaan wolle, as it no giet om út iten te gean, it besykjen fan in konsert of om dy minsken in hân te rikken dy’t it nedich ha. Op it momint dat wy dat net mear dogge, ha de terroristen harren doel berikt.

En dus skriuw ik úteinlik dizze kollum mei nije moed, yn it folle besef dat ek kulturele uterings fan bestjutting binne, wol sin en doel ha, miskien no noch wol mear as oait. Lit ús it libben libje, en it net fergiftigje litte troch sa’n stel fassistyske, anty-semityske en rely-dwylsinnige kloatsekken."

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)