Minister Blok: Krimp fan-ûnderen-op oanpakke

17 nov 2015 - 00:33

It kabinet kin net in soad oan krimp dwaan. Mooglike oplossings moatte fan ûnderen op komme. Dat wie moandei it boadskip fan minister Blok op de debatjûn oer krimp yn it gebou fan de Ljouwerter Krante. In pear hûndert minsken wiene by it debat om mei Blok en oare saakkundigen te praten oer mooglike oplossings foar krimp. Maklike antwurden binne der net, want it belied is yn Nederlân al sa'n 70 jier rjochte op groei.

Der wie lof fan de minister foar de doarpen Hallum en Holwert. Sy slagje der yn om krimp mei eigen plannen te kearen.

'Randstedelik' tinke

Mar Haachske regels sitte inisjativen fan doarpen om wat oan krimp te dwaan ek wolris dwers. De doarpskoöperaasje fan Jirnsum soe 25 ôfskreaune âldereinwenten op Dekemahiem foar in symboalysk bedrach oernimme fan Elkien, om se geskikt te meitsjen as wenning foar jongere doarpsbewenners. It Ryk wol dat net lije, en fynt dat de doarpskoöperaasje foar alle wenningen tusken de 22.000 en 30.000 betelje moat.

It slagge Rein de Wolff fan de doarpskoöperaasje moandei net om de minister op oare gedachten te bringen. "30.000 euro, waar hebben we het eigenlijk over", sei de minister. De Wolff fan de doarpskoöperaasje fynt dat de minister 'te randstedelik tinkt' en it dêrtroch krekt folle dreger makket om it projekt te realisearjen.

Flutbedrach

Der wie mear krityk op Blok op it krimpdebat. Senator Hans Engels neamde it bedrach fan 12 miljoen dy't it Ryk op jierbasis útlûkt om wat oan krimp te dwaan 'een flutbedrag'. Wethâlder Marten van der Veen fan Achtkarspelen frege Blok om help by de oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet. "Ynternet is in nutsfoarsjenning. It is dêrom ridlik as it Ryk meihelpt yn it ûnrendabele gebiet, want oars komt it net klear."

Blok wiisde de seal der op dat de regels fan de Europeeske kommisje sokke steatsstipe net tasteane. "Dan wol ik graach mei jo nei Brussel om dat te feroarjen", sei Van der Veen. Blok woe dat net tasizze, mar Van der Veen wol de kommende tiid ûndersykje wat der mooglik is om wat oan dizze Brusselske regel te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)