Gemeente Opsterlân giet foar nijbou De Skâns

16 nov 2015 - 23:16

Der komt in nije Skâns op De Gordyk. De gemeenteried fan Opsterlân hat dit moandeitejûn besletten. Der wie in grutte mearderheid foar it foarstel om in nije multyfunksjonele akkommodaasje te bouwen. De nijbou kostet goed njoggen miljoen euro.

Njonken de nije Skâns komt ek de Boargemaster Harmsmaskoalle yn it gebou. Ek wurdt it sportsintrum Koartsweagen útwreide en komme der twa basisskoallen yn, Flambou en Trimbeets. Oer trije jier moat de nijbou der stean.

Opposysje
Der wie in soad opposysje tsjin de plannen, benammen fanút De Gordyk. Dy fine nijbou jildfergriemerij. Ynwenners fan it doarp hiene leaver sjoen dat it âlde gebou opknapt waard. Dan soe it sa noch 40 jier meikinne sa ha sy berekkenje litten. Wethâlder Piet van Dijk tinkt dat de nijbou lykwols in soad jild besparret. Der sil de kommende tiid sjoen wurde hoe't der draachflak fûn wurde kin by bewenners. Sy meie ûnder oare meitinke oer de ynrjochting fan it nije gebou. Dat moat oer twa, trije jier klear wêze. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)