De Walrus Snits útroppen ta bêste kafee fan Fryslân

16 nov 2015 - 22:59

De 100 bêste kafees fan Nederlân binne bekend. Yn de Café Top 100 2015-2016 fan Misset Horeca einiget it Snitser De Walrus as bêste Fryske kafee yn de list op plak trettjin.

Fiif Fryske kafees yn de list
Ek de Ljouwerter fêstiging fan De Walrus stiet yn de list, nammentlik op plak 42. De oare trije kafees yn de list, binne allegear te finen op de Waadeilannen. It giet om de Amelanner kafees Nobel yn Ballum op plak njoggentjin en Nescafé yn Nes op plak 50. De Groene Weide yn it doarp Hoarne op Skylge stiet op plak 57.

Misset Horeca is goed te sprekken oer De Walrus
Op de webside fan Misset Horeca ferklearret de organisaasje de posysje fan De Walrus as bêste Fryske kafee: "De Walrus in Sneek is de opvolger van De Stee in Leeuwarden, dat na jaren trouwe dienst als beste van de provincie, andere cafés de ruimte wil geven. Niet dat het grandcafé van Bas Hollenberg en Arjen Rusticus het beste is bij afwezigheid van De Stee. Allesbehalve. De Walrus, zowel deze in Sneek als de dependance in Leeuwarden, weten zich ieder jaar te verbeteren en stijgen gestaag in de lijst. Rusticus en Hollenberg hebben de zaken inmiddels verkocht en zijn per 1 januari 2016 eigenaren af. Maar ze nemen wel mooi afscheid als beste café van de provincie Friesland."

Kafee In den Bockenreyder yn it Noard-Brabânske Esbeek stiet op nûmer ien yn de list.

Café Top 100 fan Misset Horeca

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)