Klúnfoarsjennings Snits klear foar Alvestêdetocht

16 nov 2015 - 17:11

Snits hat alle klúnfoarsjennings foar in kommende Alvestêdetocht klear. Dy moasten der komme fanwege it plan fan de Alvestêdeferiening om mear leden ride te litten. It doel is om 25.000 riders starte te litten. Foar in feilige rûte troch Snits moast der wat betocht wurde. It ôfrûne jier hat it rayonhaad fan Snits him der mei dwaande hâlden.

De foarsjennings lizze der no noch net. As der in seintsje jûn wurdt foar in Alvestêdetocht, kinne de klúnplakken der yn 48 oeren lizze. Dat kin troch it ûntwerp. Der is ek bot om de feiligens tocht.

Ek binne de klúnplakken maklik en fluch yninoar te setten.

Trefwurden: 
Snits klune Alvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)