CDA en FNP wolle ynvestearje yn strân Skûlenboarch

16 nov 2015 - 17:01

Der moat ynvestearre wurde yn it rekreaasjestrân fan Skûlenboarch. Dat sizze de CDA- en FNP-fraksjes fan Achtkarspelen. Der moatte ûnder oare húskes en ôffalbakken by it rekreaasjestrân komme.

It rekreaasjestrân is de ôfrûne simmer yn gebrûk naam en benammen ynwenners fan Koatstertille en Droegeham binne der op ôfkaam. Neffens Jouke Spoelstra fan it CDA binne der noch in soad ferbetterpunten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)