Fryslân is minút stil foar slachtoffers yn Parys

16 nov 2015 - 12:05

Op in soad plakken yn de provinsje wienen minsken moandeitemiddei om 12 oere in minút stil foar de slachtoffers fan de oanslaggen yn Parys. Under oaren by provinsje en gemeenten, mar ek op skoallen, by bedriuwen en op strjitte stienen minsken stil.

Sa wie it ek stil op it treinstasjon yn Ljouwert. Ek bussen rieden net. Op Facebook waard in oprop dien om om 12 oere nei it Saailân yn Ljouwert te kommen en dêr mei syn allen in minút stil te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)