Reisburo's krije fragen oer sitewaasje yn Parys

16 nov 2015 - 11:12

Dalstra Reizen krijt ferskate tillefoantsje fan klanten dy't fragen hawwe oer de feiligens yn Parys, nei de oanslaggen fan ôfrûne freed. Sawol Dalstra as Paulusma Reizen litte de reizen nei Frankryk foarearst gewoan trochgean. Mochten der klanten wêze dy't leaver net mear nei Parys wolle, dan kinne dy omboeke.

Neffens manager Henk Huitema fan Dalstra Reizen jildt der op dit stuit gjin negatyf reisadvys foar Parys, mar wurde de saken wol goed yn de gaten hâlden.

Sawol Dalstra as Paulusma hawwe yn desimber in busreis nei de Frânske haadsted yn de planning stean. Se hoopje dat de situaasje yn Parys tsjin dy tiid minder 'gespannen' is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)