Unbekenden stekke fjoerwurk ôf by flechtlinge-opfang Grou

16 nov 2015 - 10:14

De plysje yn Grou hat sneintejûn fergees socht nei ûnbekenden dy't swier fjoerwurk ôfstutsen yn de buert fan de flechtlinge-opfang yn Oer 't Hout oan de Riedshússtrjitte. De dieders wiene al útnaaid en koene net achterhelle wurde. It is dêrom ek net dúdlik oft it fjoerwurk bewust yn de buert fan de flechtlinge-opfang ôfstutsen is.

Ek bewakers fan de opfang sochten mei nei de dieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)