Fryske media lansearje Finster op Fryslân

16 nov 2015 - 09:57

It Finster op Fryslân is fan moandei ôf yn 'e loft. Fryske media (LC, Omrop Fryslân, Frysk Deiblêd en GPTV) wurkje yn it Finster mei elkoar oan ferhalen dy't te krijen hawwe mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. It giet om multymediale ferhalen dy't op ynternet te besjen, te lêzen en/of te beharkjen binne. 

Foar Omrop Fryslân docht ferslachjouwer Wendy Kennedy mei oan dit projekt. Se folget hjirfoar ûnder oaren teatermakster Janneke de Haan en psycholooch Geertje Postma en harren projekt Haring en Hummus.

Mei dit projekt bringe se flechtlingen út it azc en doarpsbewenners yn Sint Anne meielkoar yn kontakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)