Brittany Bowe pakt wrâldrekôr, Leenstra fiifde op 1500 meter

15 nov 2015 - 21:16

Marrit Leenstra is op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Calgary as fiifde einige. Dat die se yn 1.54.22. Antoinette de Jong waard achtste mei in persoanlik rekôr fan 1.55.28. It fjoerwurk kaam fan de Amerikanen. Heather Richardson, sneon in wrâldrekôr op de 1000 meter, sette 1.52.27 op de klokken. Brittany Bowe, de frou dy't it wrâldrekôr kwyt rekke, kaam yn 1.51.59 oer de streek en ferbettere dêrmei de bêste tiid ea. Dy stie mei 1.51.79 al tsien jier op namme fan de Kanadese Cindy Klassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)