Fûgeltsjeleafhawwers reizgje nei Skylge foar bysûndere mosk

15 nov 2015 - 16:20

Op Skylge wie snein grutte belangstelling foar in lyts fûgeltsje. De 'woestijngrasmus' wie sjoen op it eilân en dat is hiel bysûnder. By de fearboatterminal yn Harns wie it drok mei fanatike fûgelspotters dy't de oerstek makken om it bistje ris te sjen.

De fûgel komt oars allinnich mar foar yn Aziatyske en Afrikaanske lannen.
It bist wie by de jachthaven en wie neffens Skylgenet ferrassend nuet. De spotters koene him goed besjen, guon koene sels oant op in pear sintimeter by de mosk komme.

Trefwurden: 
Skylge fûgel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)