Miranda Scheffer ferliest finale muorrekeatsen fan Monroe

15 nov 2015 - 15:37

Miranda Scheffer is der snein net yn slagge om de iepen Nederlânske titel muorrekeatsen (one wall handball) te winnen. Yn De Trije fan Frjentsjer wie de Amerikaanse Yolanda Monroe mei 21-14 te sterk. It wie al de sechsde kear dat de beide froulju tsjininoar keatsten. Monroe hat no fjouwer kear fan Scheffer wûn. It iepen NK luts sa'n 140 dielnimmers út acht lannen.

By de manlju gong de titel nei de Ier Conor McElduff. Hy fersloech de Amerikaan Danny Torres mei 21-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)