Bern út jeugdsoarchopfang en asylsikersbern fiere Sinteklaas

15 nov 2015 - 12:49

Bern út Fryske opfanglokaasjes fan jeugdsoarch en út asylsikerssintra fiere snein in Sinteklazefeest. Mei in spesjale Sint Express binne se moarns op de trein stapt. Mei dy trein geane se fan Ljouwert nei it Aviodrome yn Lelystêd. Dêr is in grut feest mei Sinteklaas en ferneamde Nederlanners foar yn totaal 750 bern.

Ut Fryslân komme sa'n 180 bern. Under har in soad bern fan de asylsikerssintra yn Burgum en Drachten. Op it stasjon yn Ljouwert tilde it al op fan de swarte piten dy't ek mei de trein yn gienen.

De Sint Express is in inisjatyf fan de stichting Het Vergeten Kind. Sy komme op foar bern dy't dreech oan it normale libben dielnime kinne. It wie foar it earst dat bern út Fryslân oan dit evenemint meidienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)