UPDATE: Deade man is 61-jierrige fermiste Frjentsjerter

15 nov 2015 - 10:44

De identiteit fan it stoflik omskot dat sneon yn Frjentsjer fûn is, is bekend. It giet om in 61-jierrige man út Frjentsjer dy't sûnt tongersdeitejûn fermist waard. Om healwei fiven waard it lichem sneon fûn yn in sleat oan de Edisonstrjitte.

De plysje hat wiidweidich ûndersyk dien en is ta de konklúzje kaam dat der gjin sprake is fan in misdriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)