Heather Richardson pakt wrâldrekôr op 1000 meter

14 nov 2015 - 21:13

Heather Richardson hat yn Calgary by de wrâldbekerwedstriden op de 1000 meter in nij wrâldrekôr riden. Richardson, troud mei Jorrit Bergsma en lid fan it team Clafis fan Jillert Anema, klokte 1.12.51. It âlde rekôr stie op namme fan har lângenoate Brittany Bowe mei 1.12.58, dat se yn de rit foar Richardson al op 1.12.54 setten hie. Jorien ter Mors waard fjirde yn 1.12.66, in Nederlânsk rekôr. Marrit Leenstra waard yn 1.14.35 sechsde, Margot Boer njoggende mei 1.15.09.

By de manlju gong de winst ferrassend nei Gerben Jorritsma. Hy wûn yn 1.07.20, in geweldich persoanlik rekôr. De Rus Pavel Kulizhnikov waard twadde yn 1.07.33, Kjeld Nuis pakte it brûns mei 1.07.40.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)