Besikers Sint Vitustsjerke yn Stiens toane meilibjen

14 nov 2015 - 17:19

De Sint Vitustsjerke yn Stiens is sneontemiddei iepen west yn ferbân mei de oanslaggen yn Parys. Besikers koene harren meilibjen toane yn in kondoleânsjeregister, mar der wie ek mooglikheid ta bidden of it oanstekken fan in kears.

It kondoleânsjeregister sil opstjoerd wurde nei de Frânske ambassadeur. Hy is it oansprekpunt fan it Frânske regear. Dûmny Jaap Overeem hopet dat it kondoleânsjeregister ta steun wêze sil.

De tsjerkeklokken fan de Sint Vitustsjerke wiene ek in skoft te hearren. Neffens Overeem wie dit om sjen te litten dat se yn de tsjerke in oare boadskip ha: fan leafde, frede en gerjochtigens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)