Ferlies foar Drachtster Boys tsjin Excelsior '31

14 nov 2015 - 16:32

Drachtster Boys ferlear sneon op eigen fjild mei 2-0 fan de nûmer trije Excelsior '31. De treffers foelen pas yn de slotfaze fan de twadde helte. Drachtster Boys moast it lêste kertier mei tsien man fierder nei twa kear giel foar Wouter Roosjen. De gasten út Rijssen profitearren optimaal. Nei't keeper Jelmer van der Meer noch in strafskop tsjinhold, wie it yn fiif minuten tiid wol twa kear raak en ferlear de ploech fan trainer Marcel van Buuren úteinlik dochs mei 2-0.

It is it achtste ferlies foar de Drachtsters, dy't dêrtroch op 1 punt út 9 wedstriden stean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)