Twa minsken oanhâlden foar mishanneling yn Noardwâlde

14 nov 2015 - 15:09

Yn Noardwâlde binne freed twa minsken oanhâlden foar mishanneling. It giet om in 33-jierrige man út Noardwâlde en in 32-jierrige frou út Emmen. In automobilist botste tsjin de auto fan de man en de frou. Ferfolgens soenen sy de automobilist ôfsnijd hawwe, wêrtroch hy de auto oan de kant sette moast.

De fertochte stapte út en mishannele de automobilist. Ek soe hy it foarrút en de doar fernield hawwe. De man en de frou naaiden dêrnei út, mar koene yn harren hûs oanhâlden wurde troch de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)