Friezen yn Parys bot skrokken fan terreur

14 nov 2015 - 14:40

In tal Friezen dy't yn Parys wenje, binne bot skrokken fan de oanslaggen freedtejûn op ferskate plakken yn de Frânske haadstêd. Dochs wolle se harren libben net beynfloedzje litte troch de eangst foar noch mear geweld en terreur.

Fytsehanneler Ralph Bonnema fan Harns en sportlearares Siebrich van der Veen fan Easthim wenje beiden yn de Frânske haadstêd. Sy hawwe de oanslaggen net echt fan tichteby meimakke en ek yn harren freonekring binne gjin slachtoffers fallen.

Yn de stêd te iten
Gerbrech út Warten is mei fjouwer freondinnen yn Parys. Wylst de oanslaggen pleegd waarden, sieten Gerbrech en har freondinnen yn de stêd te iten, deunby ien fan de plakken dêr't in bom ôfgie. Trochdat in tal plakken yn it sintrum ôfset wie, koene se net mear by harren hotel komme. Se waarden op strjitte opfongen troch minsken dy't harren sliepplak oanbeanen. "Yntusken binne wy wer feilich yn ús eigen hotelkeamer en jûn om healwei achten hoopje wy wer yn de Thalys nei hûs te gean. Wy hoopje dat wy jûn wer feilich yn it moaie en o sa rêstige Warten oankomme meie." 

Net mei de metro
Matthijs Koopman út Kûbaard en syn frou binne in pear dagen yn Parys. De skrik sit der goed yn. Hy fertelt dat de sfear op strjitte spand is: "Het lijkt op straat wel een oorlogsgebied. Het leger is overal." Hy is sa bot skrokken, dat hy sneon net mei de metro, mar rinnend de stêd yn sil.

Plysje en it leger op strjitte
Fotomodel Anne de Vries út Dokkum is ek yn Parys. "Heel veel heb ik er niet van meegekregen, omdat ik niet in de buurt zat van waar de aanslagen zijn gepleegd. Wel hoorde ik vannacht veel politie en geluid buiten. Ik doe modellenwerk en overnachtte in een appartement. Mijn vader stuurde mij om 23:15 uur een berichtje of ik veilig was. Meerdere mensen vroegen mij en waren ongerust. Ik schrok toen ik dit alles hoorde, ik was namelijk zonder enige vermoedens naar Parijs gegaan vrijdagochtend.''

''Vanochtend was het heel rustig op straat, niet veel winkels waren open. Ook zag ik geëmotioneerde mensen lopen toen ik in de taxi onderweg was naar station Gare du Nord. Er stonden overal groepen mensen met camera's hun interview te houden, eromheen stond politie. Aangekomen bij het station zag ik dat veel mensen oplettend waren, letterlijk overal stond politie met zwaar geschut.'' 

''Ik besefte pas later dat het heel erg was geweest. Ik kan het me bijna niet voorstellen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)