Nije lytsskalige wengroepen iepene foar âlderein

13 nov 2015 - 14:56

De Idesta Soarchgroep wol yn de kommende fiif jier tolve oant fiiftjin nije lytsskalige wengroepen foar de âlderein iepenje yn Fryslân. Yn de wengroepen wurdt 24-oers soarch ferliend oan sa'n tsien bewenners. Freedtemoarn waard yn Hallum de twadde lokaasje iepene.

Idesta is in pear jier ferlyn opsetten troch lokale ûndernimmers. De inisjatyfnimmers seagen de foarsjennings yn de doarpen ferdwinen en woene dêr wat tsjin dwaan troch dizze nije manier fan âldereinsoarch op te setten.

Trefwurden: 
Idesta Soarchgroep Hallum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)