Binnenstêdsmanager moat sintrum Frjentsjer ferbetterje

13 nov 2015 - 14:26

Frjentsjer hat Olaf Busch oansteld as binnenstêdsmanager. Hy set moandei útein mei syn nije baan.

Busch wie oant begjin dit jier binnenstêdsmanager yn Dokkum. Dêr is de leechstân ûnder syn lieding mei de helte werombrocht. Frjentsjer hopet mei it oanstellen fan in binnenstêdmanager it sintrum te ferbetterjen.

Busch is in oansprekpunt foar de gemeente, mar ek foar de ûndernimmers. Ek yn Frjentsjer moat er soargje dat der minder leechstân komt. Dêrneist sil er aksjes betinke om mear minsken nei it sintrum fan Frjentsjer te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)