Twa froulju pakt foar stellerij yn Drachten

13 nov 2015 - 12:59

De plysje hat tongersdeitejûn twa froulju oppakt yn Drachten neidat se in iPhone stellen hienen. De twa fertochten binne 21 en 17 jier âld.

Se hienen de telefoan stellen fan in meiwurkster fan in winkel oan de Noarderbuert. De frou belle de plysje en joech it sinjalemint fan it duo troch.

De plysje fûn de fertochten yn it Reidingpark. De stellen iPhone siet yn de tas fan ien fan de froulju. Ek hienen de twa noch mear stellen guod by harren. De plysje siket noch út wêr't dit guod, wêrûnder parfum en sieraden, weikomt.

Trefwurden: 
stellerij Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)