Skerpe weedlucht yn auto ferriedt Spaanse himpferfierder

13 nov 2015 - 11:53

De plysje hat tongersdeitejûn op de A7 by Terwispel in 60-jierrige man út Spanje betrape mei himp yn de auto. De Spanjaard hie plestik pûden mei dêryn 50 himpplanten by him. Ek lei der groeimiddel en testmateriaal yn de auto. Dat wurdt brûkt by de teelt fan himp.

De plysje hat it guod yn beslach naam en de man meinaam nei it buro. De plysje kaam de man op it spoar, om't der in himplucht út de auto kaam.

Trefwurden: 
himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)