De Gordyk krijt brede skoalle yn nij gebou

13 nov 2015 - 10:48

Basisskoalbern fan De Gordyk sloegen freedtemoarn de earste peal foar harren nije skoalle. Dizze komt yn de nijbouwyk Loevestein.

De earste plannen foar dizze brede skoalle datearje al fan mear as tsien jier lyn. Doe wienen der noch fjouwer skoallen op De Gordyk, allen mei ferâldere gebouwen. Yn de ôfrûne jierren fusearden twa skoallen, obs De Vlieger en De Tsjerne, ta ien skoalle. Dizze nije basisskoalle krijt in plak yn it gebou yn Loevestein.

Fierder komt de berne- en pjutte-opfang fan Timpaan, de bûtenskoalse en tuskenskoalse opfang yn it gebou te sitten. De bou moat yn de simmer fan 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)