Gokkasten iepenbrutsen yn snackbar Ljouwert

13 nov 2015 - 07:35

In noch ûnbekende man hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa gokkasten iepenbrutsen. Dat barde yn in snackbar oan de Drachtsterwei yn Ljouwert.

Om tweintich oer trijen gong dêr it alarm ôf. De 67-jierrige eigener en de plysje ûntdutsen dêrnei dat twa gokkasten iepenbrutsen wienen. Op kamerabylden is te sjen dat de dieder in reade jas mei kapusjon droech.

De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak.

Trefwurden: 
ynbraak Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)