Tsjerkegongers Jorwert sitte by tsjinst net mear yn 'e kjeld

12 nov 2015 - 22:06

Besikers fan de tsjerke yn Jorwert sitte der meikoarten waarm by. Der komme twa spesjale waarmtekessensystemen, dêr't sechstjin waarmtekessens triedleas mei ferwaarme wurde. It is de earste kear dat it systeem yn in tsjerke brûkt wurdt.

Yn de hoareka komt it al wol mear foar. De tsjerkeseal wurdt mei regelmaat brûkt troch minsken dy't der koarter as in oere binne. It ferwaarmjen fan it hiele gebou is dan te djoer. De kessens biede dan útkomst. De waarmtekessens wurde takom wike woansdei yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)