KNMI warskôget foar tonger en hurde wyn

12 nov 2015 - 21:57

It KNMI hat foar freedtemiddei en freedtejûn koade giel ôfjûn yn ferbân mei buien dy't ferwachte wurde. Neffens it KNMI is der kâns op tonger en hurde wyn. De warskôging jildt tusken 3 oere middeis en 12 oere nachts.

It ferkear kin lêst krije fan de buien. Rederij Doeksen fart freedtejûn fan Harns nei Flylân om 18.30 yn stee fan 19.00 oere.

Trefwurden: 
KNMI koade giel tonger wyn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)