Kollum: "Sandor, in jonge fan de klup"

15 nov 2015 - 08:58

It giet net goed mei SC Cambuur. De Ljouwerters ha noch net ien wedstriid wûn en steane ien-nei-lêste yn de earedivyzje. En dêrom waard assistint-trainer Sandor van der Heide oan de kant setten. It bestjoer fynt dat der in oare ynbring yn de technyske stêf nedich is. Terjochte of ûnterjochte, freget sportferslachjouwer Roelof de Vries him ôf. 

"Ik snap der hielendal neat fan. Cambuur wie dochs eins it nije Hearrenfean wurden. Gjin panyk, rêstich en binnen de klup geane se net rolleboljend mei-inoar oer strjitte. Mar doe kaam it nijs binnen: Sandor van der Heide moat fuort. No ja, fuort. Hy kriget in oare funksje. Binnen it skoutings -en analyzeteam. Mar dêr hat Sandor fansels hielendal gjin sin yn. En dus giet hy fuort, nei IJsselmeervogels.

Sandor wol op it fjild stean. Sandor is in leafhawwer. Sandor is in jonge fan de klup. Mar dat betsjut fansels net dat hy net ûntslach krije kin. Mar dan moat hy dus net goed funksjonearje. Mar soe dat it gefal wêze? Henk de Jong fynt yn elts gefal dat Sandor syn wurk goed docht. Dêr leit it yn alle gefallen net oan. Henk stapt sels ek net op, want Henk hat ek bern en in hypoteek. Dat snap ik. Mar as Henk solidêr is oan Sandor, wêrom meldt hy him dan net siik? Jan Bruin is de oare assistint. Ek in man fan de klup. Dy hat echt net sein dat Sandor fuort moat. Soene de spilers ûntefreden wêze? Ik tink dat Sandor best wolris in "pain in the ass' wêze kin, mar ik leau net dat der echt spilers opstean en Sandor fuort peste.

De beslissing is naam troch it bestjoer. Ik hearde op de radio de útlis fan de foarsitter fan de ried fan kommissarissen (dy't gewoanwei tafersjoch hâlde, mear net) Ype Smid. Hy stammere nochal. Wat oer oare kompetinsjes. It makke it ferhaal der net better op. Neffens my is technysk direkteur Henry van der Vegt Sandor syn direkte baas, mar dy ha ik noch nearne heard. Van der Vegt is dochs de man dy't dizze seleksje foar it grutste part gearstald hat. En dus eins foaral ferantwurdlik is foar de mindere prestaasjes op dit stuit.

Want litte we earlik wêze, de seleksje is der net better op wurden. En dan komt der ek noch in lange rige fan blessueres en dubieuze beslissingen fan de skiedsrjochter oerhinne. No ja, helje it wurd dubieus der mar ôf en ferfang dat troch skandalich. Sandor stie oan de basis fan de goeie prestaasjes de earste twa seizoenen yn de earedivyzje. Foaral it tolfde plak fan ferline jier wie in wrâldprestaasje. No giet it minder en wurdt de man dy't earder oantoande syn wurk goed te dwaan, slachtoffere.

It kin net oars as in emosjonele beslissing wêze. En dy binne faak net goed. Under it mom fan "der moat wat gebeure". Wat der gebeure moat, is bettere spilers helje. Sa as Gerald van den Belt earder wol die. En dan net de ferantwurdlikheid fan it mindere prestearjen by je assistint-trainer dellizze. Dat is in swaktebod.

Nije wike spilet Sandor mei IJsselmeervogels al fuort de wedstriid fan it jier yn Spakenburg-Bunschoten. De rooien tegen de blauwen. Gjin blau-giel mear foar Sandor. En dat is eins skande!" 

Folgje Roelof de Vries op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)