Net hûndert, mar acht flechtlingen protestearje yn Ljouwert

12 nov 2015 - 17:39

It wiene wat minder as de 100 dy’t earder oankundige wiene, mar tongersdei stienen der dochs acht demonstrearjende flechtlingen yn Ljouwert by it WTC-Expo. Tritich minsken fierden woensdeitejûn ek aksje en kundigen oan dat tongersdei wer te dwaan.

De flechtlingen binne min te sprekken oer de ynformaasje dy’t se krije oer wat harren yn Nederlân te wachtsjen stiet. De grutste klacht is dat se noch hieltyd net registrearre binne. Se fine de omstannichheden yn it WTC min. Se sliepe allegear yn ien hal mei tuskensketten foar harren privacy.

Neffens steatssekretaris Klaas Dijkhoff fan asylsaken is de opfang "sober, maar fatsoenlijk". It soe neffens him helpe as minsken rapper dúdlikens krije oer de opfang en hoe’t de fierdere proseduere der útsjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)