"Fleanbasis Ljouwert moat net pas yn 2024 drones krije"

12 nov 2015 - 15:20

It beslút fan definsjeminister Hennis-Plasschaert om pas yn 2024 drones op de fleanbasis fan Ljouwert te stasjonearjen is kritysk ûntfongen. It is sân jier letter as earst de bedoeling wie.

De VVD en de PvdA yn de Twadde Keamer freegje harren ôf oft de drones net earder pleatst wurde kinne. De regearingspartijen binne benaud dat de útwreiding fan de wurkgelegenheid mei 100 banen op de fleanbasis no net trochgiet. De PVV en D66 wiene earder al kritysk oer it beslút.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert en kommissaris fan de Kening John Jorritsma hawwe de Twadde Keamer earder dizze wike in protestbrief stjoerd. Neffens minister Hennis-Plasschaert bliuwt de Ljouwerter fleanbasis lykwols wichtich foar definsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)