Twa jonges Langsweagen oppakt
De plysje hat tiisdei yn Langsweagen twa jonges fan 15 jier oanhâlden, omdat se fertocht wurde fan fernieling. In tsjûge hie sjoen dat se by in bushalte oan de Hegedyk fytsen fernielden. De plysje hat se oanhâlden.
De jonges binne heard neidat de âlders der ek by helle wiene. Tsjin de beide jonges is proses-ferbaal opmakke.