Boargemaster Crone begrypt aksjes flechtlingen Ljouwert

12 nov 2015 - 14:14

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert fynt de aksjes fan de flechtlingen te begripen. Woansdeitejûn en woansdeitenacht gie in groep flechtlingen út it WTC Expo de strjitte op út protest tsjin de omstannichheden wêrûnder't se opfongen wurde. Derneist wolle se dat der gau dúdlikheid komt oer harren status.

Neffens Crone sille it COA en de IND sjen of der gau dúdlikheid oer komme kin. Oant dan hâldt Ljouwert de aksjefierders goed yn de gaten. Sa binne se ôfrûne nacht fan iten en drinken foarsjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)