"De iisflier fan Thialf lei jierrenlang skean"

12 nov 2015 - 12:26

De iisflier fan Thialf op It Hearrenfean hat jierrenlang skean lein. It hichteferskil yn de betonnen ûndergrûn wie op guon plakken sels seis sintimeter. Dêrtroch lei ek it iis net oeral op likense hichte.

Foar de reedriders moat it fielt ha as giene se heuveltsje op, heuveltsje ôf, sa seit direkteur Eelco Derks. It hichteferskil kaam oan it ljocht by de grutte renovaasje en nijbou fan it iisstadion.

Neffens Derks hiene profesjonele reedriders earder oanjûn dat se in hichteferskil fernamen. "Die hebben daar wel eens iets over geroepen, zij merken en voelen dat."

"De nieuwe vloer ligt er wel strak en horizontaal in", seit Derks. Thialf iepenet kommend wykein de doarren foar rekreaasjeriders. Nei it seizoen giet Thialf wer op slot en wurdt de ferbouwing ôfmakke. Yn novimber takom jier moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Thialf Eelco Derks reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)