Skeel fervefabryk Zandleven en gemeente Ljouwert is oplost

12 nov 2015 - 12:11

It skeel tusken fervefabryk Zandleven Coatings en de gemeente Ljouwert is oplost. Beide partijen ha oerienstimming berikt oer de ferkeap fan grûn foar de nije westlike ynfalsdyk. De gemeente hat de grûn nedich foar in ferbining fan de ynfalsdyk nei it Stephensonfiadukt.

Direkteur Waling Dijkstra hie nei hast fiif jier striid syn nocht fan it jurydysk toulûken. Hy koe it syn bern net mear útlizze dat se der nei safolle jierren mar net útkamen.

Dijkstra woe de grûn sels graach brûke foar in útwreiding. Hy hopet dat hy yn oparbeidzjen mei de gemeente de eigeners fan it terrein fan de âlde Brada-slachtfabryk sa fier krije kin dat se de grûn dêr ferkeapje.

Trefwurden: 
Zandleven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)