Fûn: rêchtas mei seksattributen en slipkes

12 nov 2015 - 11:36

De plysje fynt wolris wat bysûnders, mar de rêchtas dy't se no fûnen is wol hiel apart. De wykagint fan De Jouwer meldt tongersdei op Twitter dat aginten op de Haskerveldweg in pikante rêchtas fûnen. De ynhâld? Slipkes, bh's, in blyndoek en noch wat oare seksattributen.

De wykagint freget him ôf oft de persoan dy't de tas kwytrekke is, him/har by de plysje meldt om de tas op te heljen.

Trefwurden: 
seksattributen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)