Wurknimmers stake opnij foar bettere CAO grutmetaal

12 nov 2015 - 11:06

Der wurdt wer staakt foar in nije CAO yn de grutmetaal. It giet dêrby om stielfabryk Royal De Boer, Printfabryk Neways, Damen Shiprepair yn Harns, Meijer Plaatbewerking yn Sint Jabik en Ardagh Metal Packaging yn Ljouwert.

Der wurdt al sûnt de maitiid aksjefierd en by guon bedriuwen wurdt der no foar de tredde kear staakt. Stakers koene harren tongersdeitemoarn ynskriuwe op in gearkomste fan de fakbûnen yn sealesintrum Tivoli yn Ljouwert. De opkomst yn Tivoli wie grut.

By alle bedriuwen wurdt twa dagen staakt, seit fakbûn FNV-metaal.

Trefwurden: 
metaalstaking CAO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)