FNP Dongeradiel stelt fragen oer ynternet yn bûtengebieten

12 nov 2015 - 09:31

De FNP yn de gemeente Dongeradiel stelt skriftlike fragen oer de komst fan fluch ynternet yn dy gemeente. Se wolle witte oft de oanlis fan fluch ynternet ek jildt foar de bûtengebieten yn Dongeradiel.

KPN hat oanjûn dat se de kommende jierren glêsfezel oanlizze sille yn lytsere doarpen. It is dus noch net wis oft dit ek foar de bûtengebieten yn Dongeradiel jildt. De FNP wol ek witte wat de kosten binne en oft der subsydzjemooglikheden binne.

Trefwurden: 
ynternet Dongeradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)