Kollum: "It nijs fan De Bûten Post"

12 nov 2015 - 08:35

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Goemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

De petysje 'Sint Maartensnoep moet gekleurd blijven' hat yn koarte tiid al tsientûzenen hantekens opsmiten. Op ynternet hawwe binnen in pear dagen al safolle minsken oanjûn it behâld fan dizze tradysje te ûndersteunen, dat de inisjatyfnimmers ferwachtsje dat it bernefeest fan dagenlang as stuiterballen omspringende bern mei sliepproblemen en konsintraasjesteurnissen foarearst rêden liket.

Debby Lodewijks fan Ljouwert, sy hat de petysje opsetten, is bliid mei alle stipe. Lodewijks fynt dat folwoeksenen fan de tradysjes fan bern ôfbliuwe moatte, en tinkt sels ek noch faak mei nostalgy werom oan har bernejierren doe't se jankend fan de pinebúk op de bank lei mar toch oant kotsen ta trochsnoepte fan de winegums, sûkeladepinda's en soerstokken.

Boargemaster Ferd Crone en kommissaris fan de Kening John Jorritsma sille op koarte termyn in ûnbemande delegaasje nei Den Haach ta stjoere. De sterke lobby moat foarkomme dat de komst fan drone-tastellen nei fleanbasis Ljouwert útsteld wurdt.

It ministearje fan definsje hat witte litten dat de drones net yn 2017, mar pas jierren letter hjirhinne komme sille, en dat is in beslút dêr't de Fryske bestjoerders net bliid mei binne. De Ljouwerter boargemaster Crone hat dêrom fluch in Quick Reaction Force opset om fanút it kommandosintrum fuortdaliks in ûnbemande delegaasje nei it ministearje stjoere te kinnen.

Hans Wiegel hat de pest yn dat er fannewike mei in grutte foto op de foarpagina's fan de kranten stie, mei syn aksje foar in hegere definsjebegrutting. De yntroverte VVD-koryfee út Aldegea hie yn alle stilte syn lobbywurk foar it mininstearje fan definsje dwaan wollen, mar waard oerfallen troch de parse, sa seit er.

Wiegel wie bewust yn in beskieden pantserautootsje nei Den Haach ta reizge en net yn in F16 of Leopard II tank. Doe't hy de fotografen gewaar wurde hat er noch oerwage om fluch út te naaien, mar fûn dat er dan minister Hennis fan Definsje sitte liet, en bleau dus toch. Wiegel hopet no sa fluch as mooglik syn plakje yn it skaad wer opsykje te kinnen.

It Van Panhuyskanaal yn de gemeente Súdwest-Fryslân sil fan takom jier ôf fierder gean as digitaal temakanaal. Dat hat de provinsje witte litten. Op 1 jannewaris 2016 ferdwynt it trajekt fan de Warkumer Trekfeart oant en mei de sluzen fan Makkum achter in decoder.

Neffens provinsjefoarljochter Jeen Berendz hat it kanaal troch baggerwurk no safolle djipgong krigen dat it as publyk kanaal gjin besteansrjocht mear hat. Minsken dy't der toch fan genietsje wolle kinne it kanaal fine as se in Wettersportpluspakket ôfslute. Neffens de provinsje hat it foar de berikberens foar it doarp Tsjerkwert gjin gefolgen as it Van Panhuyskanaal in digitaal temakanaal wurdt.

Ferkear. Op ferskillende diken tusken Fryslân en Den Haach lizze benzinesporen op de dyk. Mooglik is dat in gefolch fan famyljebesites fan in memory trip fan Sybrand Buma, Diederik Samsom, Halbe Zijlstra en Gert-Jan Segers nei ús provinsje. De ferkearsplysje sil útsykje oft der sprake is fan mooglik lekkende fraksjefoarsitters."

Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post op facebook en twitter. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)