Skiermûntseach wol ek de status Dark Sky Park hawwe

11 nov 2015 - 21:49

Skiermûntseach wol krekt as Skylge ek de ynternasjonale status fan Dark Sky Park ha. De kommisje foarljochting en edukaasje fan Nasjonaal Park Skiermûntseach skriuwt dat sy takom jier sa'n oanfraach opstelle wolle foar it Nasjonaal Park. Der binne yn de hiele wrâld mar 30 plakken mei in Dark Sky Park status. It giet om lokaasjes dêr't men echt noch fan it tsjuster genietsje kin. De Boschplaat op Skylge is sûnt dit jier it earste plak yn Nederlân mei de Dark Sky Park status en Nasjonaal Park it Lauwersmar hat it ek oanfrege.

Mooglik dat Skiermûntseach by dy oanfraach oanslute wol. Der is ea fêststeld dat Skiermûntseach it meast tsjustere plakje fan Nederlân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)