Soad Friezen kinne net goed lêze en skriuwe

11 nov 2015 - 20:39

Yn Fryslân wenje yn ferhâlding ta de rest fan it lân mear minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne. Dy minsken kinne dêrtroch minder meidwaan oan de Fryske mienskip, se komme bygelyks dreech oan wurk. Dêrom wol provinsjale steaten dat it probleem goed yn kaart brocht wurdt en dat ûndersocht wurdt hokker rol de provinsje dêryn spylje kin. In moasje mei dy strekking waard woansdei oannommen.

Neffens de moasje moatte deputearre steaten foar 1 maart takom jier oanjaan hoe't se dizze saak oanpakke sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)