Elfstedenhal is no offisjeel iepen

11 nov 2015 - 18:22

Yn Ljouwert is woansdei de Elfstedenhal offisjeel iepene. Dêrby wiene as belangrykste gasten Wim Weenk, de nûmer lêst fan 1997, Wiebe Wieling, foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, Henk Angenent, de winner fan 1997 en Jan Roelof Kruithof, de earste toerrider dy't oer de streek kaam yn 1997.

De bou fan de nije iisbaan begong yn oktober ferline jier, as ferfanging fan de âlde hal dy't net mear by de tiid wie. Foar direkteur Johan van der Kooi wie it dan ek in bysûnder momint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)