"Boerekoal is medisyn by sûkersykte"

11 nov 2015 - 18:01

"Boerekoal is medisyn tsjin sûkersykte", dat seit Peter Voshol. Hy docht al 25 jier ûndersyk nei hertsykten, obesitas en diabetes. Hy pleitet foar in oar ytpatroan, dat mei itselde oantal kaloryen soargje moat foar in stabilere bloedsûkerspegel. Op dy wize kin de diabeet mei folle minder medisinen ta, guon pasjinten hoege hielendal gjin medisinen mear te brûken.

Mei boerekoal duorret it twa oant trije oeren foardat sûker út de griente opnaam is, dat is ideaal foar diabetisy. Blomkoal, woartels en apels binne ek goed.

Apelsop dan wer net, dêrby wurdt de sûker yn ien kear troch it lichem opnaam. Dat is te fergelykjen mei it nimmen fan in hap sûker.

"We sjogge hiel dúdlik dat minsken mei dit ytpatroan nei trije moanne beginne mei it ôfbouwen fan de medikaasje", seit Voshol. En binnen seis moanne hat mear as de helte in bettere oant normale glukoseregulaasje yn it bloed. Dêrtroch ha se minder medisinen nedich. Voshol presintearret dizze útkomsten freed op in sympoasium yn Ljouwert, mei as tema 'iten as medisyn'. Dat wurdt holden yn it ramt fan Ljouwert Haadstêd fan de Smaak.

Hast 1 miljoen minsken yn ús lân ha diabetes. De ôfrûne trije jier is dat mei 25 persint tanommen. En de ferwachting is dat it tal de kommende tsien jier ferdûbelje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)