Protestearjende flechtlingen WTC nei stasjon

11 nov 2015 - 17:34

In groep fan sa'n 30 flechtlingen hat woansdei wegere om werom te gean nei de needopfang yn it WTC yn Ljouwert. De flechtlingen demonstrearren tsjin it útbliuwen fan ynformaasje oer wat har hjir yn Nederlân no te wachtsjen stiet. De minsken stiene earst op de stoepe fan it WTC mei in boerd mei de tekst 'We need some one take care about us'. Letter op de jûn binne se nei it sintraal stasjon rûn. Se drigen om bûten te sliepen út protest. It is net dúdlik oft de minsken ek echt bûten sliept hawwe. De flechtlingen hawwe har net by it COA melden.

Fierder stelt it COA dat alle flechtlingen mei in brief fan steatssekretaris Klaas Dijkhoff op 'e hichte steld binne fan de fierdere gong fan saken.

Trefwurden: 
WTC flechtlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)