Ynformaasjepaniel ûntbleate op begraafplak Murns

11 nov 2015 - 17:02

Op it algemiene begraafplak yn Murns is woansdei in ynformaasjepaniel ûntbleate, oer it delstoarten fan Amerikaanske bommewerper en syn bemanningsleden. De B24-Liberator wie op 22 desimber 1943 op wei nei Osnabrück om dêr in ranzjearterrein te bombarearjen, mar waard út de loft sketten troch de Dútsers.

De piloat makke in needlâning, mar dêrby rekke it fleantúch mei hege snelheid de beammen en de swiere klokkestoel fan it begraafplak fan Murns. Fan de tsien bemanningleden, hawwe trije de crash oerlibbe.

Op it ynformaasjepaniel stiet de skiednis fan it fleantúch. By de ûntbleating wiene in oantal neibesteanden en de Air Attaché fan de Feriene Steaten.

Trefwurden: 
ynformaasjepaniel oarloch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)