Djoerste skilderij Fries Museum no te sjen

11 nov 2015 - 15:30
It skilderij The Entrance to a Roman Theatre (1866) - Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Yn it Fries Museum is fan 21 novimber ôf it djoerste skilderij te sjen dat it museum ea oanskaft hat. It giet om 'Entrance to a Roman Theatre' út 1866 fan de Fryske skilder sir Lawrence Alma-Tadema. It koste 1,8 miljoen dollar. It topstik wurdt sjoen as ien fan de belangrykste wurken fan Tadema. It soarge foar syn ynternasjonale trochbraak.

Alma-Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp en wenne en wurke letter yn Londen. Yn 2016 organisearret it Fries Museum in ynternasjonale tentoanstelling oer Alma-Tadema.

It museum wie al yn it besit fan de grutste Alma-Tadema kolleksje fan Nederlân.

Trefwurden: 
Fries Museum
(advertinsje)
(advertinsje)