Ferkiezing 'leukste útstapke fan Fryslân' is los

11 nov 2015 - 14:57

De ANWB hat de kandidaten bekend makke dy't stride om de titel ''leukste útstapke yn Fryslân'. Leden fan de ANWB kinne oant en mei 3 jannewaris stimme. Kandidaten binne ûnder oare in dei nei It Amelân, it Woudagemaal op De Lemmer, it Planetarium yn Frjentsjer, Nasjonaal Park De Alde Feanen en bernebuorkerij Doniastate by Stiens.

De winner fan ferline jier, it Natuermuseum yn Ljouwert, stiet ek op de list. Nij is Ballorig Aeolus yn Seisbierrum. De winners wurde op 15 maart 2016 bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)